Oanbidding fan de Hoeders

Skilderij fan de Oanbidding fan de Hoeders fan de Nederlânske skilder Matthias Stom (± 1635)

De Oanbidding fan de Hoeders wurdt beskreaun yn it evangeelje fan Lukas. Nei de berte fan Jezus kundige in ingel oan de hoeders yn de fjilden om Betlehem hinne oan dat harren de Ferlosser berne wie.

Yn de midsieuwen waard it in populêr tema yn de keunst. Earst ferskynden der foarstellings yn de yllustraasjes fan de manuskripten en op de timpanen fan katedralen. Letter is it motyf ek in soad brûkt by it meitsjen fan fresko's en skilderijen. Op in oanbiddingsfoarstelling komme Marije, Joazef en Jezus yn in fuorrebak foar, mei op de eftergrûn fakentiden in okse en/of in esel en oan de kant fan harren in tal hoeders mei harren skiep.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy